• Wolkom

    Taalwurk Fryslân fertaalt, bewurket en skriuwt teksten yn it Frysk op alderhande mêd.

    Nynke Beetstra, beëdige oersetter Frysk

    taalburo fan Nynke Beetstra, beëdige oersetter Frysk

    By Taalwurk Fryslân kinne jo terjochte foar:

    • it oersetten fan alle soarten teksten fan it Nederlânsk nei it Frysk en oarsom
    • korreksje fan jo Fryske teksten om de lêste flaters derút te heljen
    • it redigearjen en bewurkjen fan teksten

    Mei jo fragen en fersiken kinne jo rekkenje op in adekwate en persoanlike tsjinstferliening, sûnder drokte en omballingen

    As beëdige oersetter Frysk stean ik garant foar hege kwaliteit tsjin in skerpe priis.

  • Wurk

    Sûnt 2001 fersoarget Taalwurk Fryslân foar bedriuwen, ynstânsjes en persoanen Fryske oersettings en tekstkorreksjes. It giet ûnder oaren om websiden, brieven, beliedsstikken, folders en taspraken. Bysûndere projekten hawwe west de oersettings fan it Europeeske ‘Ferdrach fan Lissabon’, ‘It lytse kafee oan de haven’ foar Vader Abraham en Jan Wolkers syn ‘Turks fruit’ yn it Fryske ‘Turks swiet’.

    Turks Swiet, Jan Wolkers & Nynke Beetstra

    Njonken it meitsjen fan oersettings haw ik artikels skreaun en korreksjewurk dien foar de Fryske Tematydskriften en it tydskrift Heit & Mem fan de Afûk. Foar de F-side yn de Ljouwerter krante en it Frysk deiblêd skreau ik Fryske kollums.

    Klanten dêr’t Taalwurk Fryslân wurk foar dien hat:

    • Provinsje Fryslân
    • Ministearje fan Ûnderwiis
    • Ministearje fan Ynlânske Saken
    • Fryske gemeenten
    • Afûk
    • Frysk Museum
    • Ûnderwiisynspeksje
    • Omrop Fryslân
    • Advokatekantoaren
    • University Campus Fryslân
    • Tresoar
    • Fryslân Unlimited
    • Frysk Festival
    • Ambulânsesoarch Fryslân
    • Frysk Lânboumuseum
    • Warkums Erfskip