Sûnt 2001 fersoarget Taalwurk Fryslân foar bedriuwen, ynstânsjes en persoanen Fryske oersettings en tekstkorreksjes. It giet ûnder oaren om websiden, brieven, beliedsstikken, folders en taspraken. Bysûndere projekten hawwe west de oersettings fan it Europeeske ‘Ferdrach fan Lissabon’, ‘It lytse kafee oan de haven’ foar Vader Abraham en Jan Wolkers syn ‘Turks fruit’ yn it Fryske ‘Turks swiet’.
Njonken it meitsjen fan oersettings haw ik artikels skreaun en korreksjewurk dien foar de Fryske Tematydskriften en it tydskrift Heit & Mem fan de Afûk. Foar de F-side yn de Ljouwerter krante en it Frysk deiblêd skreau ik Fryske kollums.
Klanten dêr’t Taalwurk Fryslân wurk foar dien hat:
- Provinsje Fryslân
- Ministearje fan Ûnderwiis
- Ministearje fan Ynlânske Saken
- Fryske gemeenten
- Afûk
- Frysk Museum
- Ûnderwiisynspeksje
- Omrop Fryslân
- Advokatekantoaren
- University Campus Fryslân
- Tresoar
- Fryslân Unlimited
- Frysk Festival
- Ambulânsesoarch Fryslân
- Frysk Lânboumuseum
- Warkums Erfskip